Single User Login finalisation announcement

This page is a translated version of the page Single User Login finalisation announcement and the translation is 67% complete.
Outdated translations are marked like this.

It ûntwikkelteam fan de Wikimedia Foundation makket ferskate wizigingen yn de wurkwize fan brûkersnammen, as ûnderdiel fan de hieltyd trochgeande ynset om nije en bettere helpmiddelen beskikber te meitsjen foar de brûkers (lykas meldingen tusken wiky's). Troch dy wizigingen krije ús brûkers oeral ien brûkersnamme. Sa kinne wy jim nije mooglikheden biede dy't helpe kinne by it bywurkjen en oerlizzen, en dy't fleksibelere rjochten foar nije funksjes mooglik meitsje. Ien fan de betingsten is wol dat de brûkersnammen unyk binne yn alle 900 wiky's fan Wikimedia.

Spitigernôch binne net alle brûkersnammen unyk yn al ús wiky's, en dêrtroch binne der twa minsken of mear dy't deselde brûkersnamme hawwe yn ferskate wiky's fan Wikimedia. Dy sitewaasje sil tenei oars en dêrom wurdt oan ferskillende akkounts it teken "~" taheakke en de namme fan de wiky oan 'e ein fan de brûkersnamme set. These changes will take place in August 2013. Bygelyks in brûker mei de namme "Foarbyld" dy't op de Wiktionary yn it Sweedsk aktyf is sil de namme "Foarbyld~svwiktionary" krije.

Alle akkounts sille letter ek noch itselde wurkje en alle bewurkings bliuwe op namme fan de brûker. Wy sille it besykje en krij kontakt mei brûkers dy't in oare brûkersnamme krije. Brûkers wêrfan de namme feroare is sille dan ynlogge moatte mei de nije brûkersnamme.

No sil it ek mooglik wurde om brûkers globaal in oare namme te jaan. It helpmiddel RenameUser sil net mear brûkt wurde foar lokale wiky's omdat alle brûkersnammen globaal unyk wêze moatte. Burokraten hawwe dus net langer it rjocht om brûkers in oare namme te jaan. As it safier is kinne brûkers op Meta noch in fersyk yntsjinje foar in oare brûkersnamme at se net tefreden binne mei de nije brûkersnamme.

Sjoch ek