WikiWomen Erasmus+/Toolkit foar skoallen/Regels foar ûndersyk (etyk)

This page is a translated version of the page WikiWomen Erasmus+/Schools toolkit/Research standards (ethics) and the translation is 94% complete.

Les 6: Regels foar ûndersyk (etyk)

Yntroduksje (10 minuten): Ferwolkomje de learlingen en fetsje it belang fan sitaten op Wikipedy gear. Wat is plagiaat?

  • Yntrodusearje it konsept fan plagiaat: it kopiearjen fan in oar syn of har wurk sûnder it goed brûken fan boarnefermelding, oft dat no mei opsetsin is of net.
  • Bepraat de gefolgen fan plagiaat en ynkorrekt parafrasearjen yn akademyske en profesjonele konteksten.
  • Bepraat wêrom’t it wichtich is om boarnen yn dyn wurk te sitearjen. Hoe helpt it by de betrouberens fan dyn ûndersyk?
  • Hoe foechst dyn boarnefermelding ta:
  • Lit sjen hoe’t de automatyske sitaasjemakker te brûken is.

Diskusje yn ‘e klasse (5-10 minuten): Bepraat kritearia foar it evaluearjen fan boarnen: relevânsje, betrouberens, foaroardiel en resintheid. Wat is… In pear definysjes om de learlingen te helpen om it te begripen. Foaroardiel

Foaroardiel stiet foar in ûnearlike oanstriid of foaroardiel dat ien perspektyf foar in oar lûkt. It is ferlykber mei it fertellen fan in ferhaal út mar ien perspektyf wei, sûnder nei oare perspektiven te sjen. Dat kin de korrektheid en neutraliteit fan de ynformaasje beynfloedzje.

Yntegriteit

Yntegriteit yn skriuwen betsjut datst earlik en betrouber bliuwst yn de ynformaasje dy’tsto dielst. Do wolst de wierheid fertelle en derfoar soargje dat dyn feiten deeglik binne, sadat de lêzers betrouwe kinne op wat se op Wikipedy lêze.

Betrouberens

By betrouberens yn skriuwen giet it derom dat dyn ynformaasje te betrouwen en te leauwen is. Do wolst in goeie reputaasje hawwe om foar akkurate details te soargjen, sadat de lêzers betrouwe kinne op wat se op Wikipedy lêze.

Resintheid

Resintheid stiet foar hoe nij en up-to-date oft ynformaasje is. Wannear’tst boarnen en sitaten brûkst, wolst derfoar soargje datst de meast resinte feiten hast, byhâlden yn it nijs bygelyks.

Fraach: Hoe kinne foaroardielen yn boarnen de kwaliteit fan in artikel beynfloedzje? Hoe kinne we derfoar soargje dat ferskillende perspektiven yn balâns binne? Yntroduksje ta goed parafrasearjen en sitearjen (5 minuten):

  • Behannelje de stappen foar goed parafrasearjen: it begripen fan de boarne, oan de kant lizzen
  • Beklamje it belang fan it net letterlik oersetten fan de ynhâld en dyn bêst dwaan om ideeën op in unike manier te uterjen, benammen yn it oersetten.
  • Foarbylden fan hoe’tst parafrasearje kinst

Opdracht: parafrasearjen en sitearjen (5 minuten):

  • Learlingen oefenje it parafrasearjen mei in koart stik út in boarne.
  • It foarbyld moat relevant wêze foar de regio en de beskikbere boarnen foar de learlingen.
  • Se brûke de automatyske sitaasjemakker om de parafrasearre kontint yn in Wikipedy-artikel te setten of yn harren sânbak.
  • Gean troch de klasse hinne om te helpen by de opdracht.

Konklúzje (5 minuten):

  • Fetsje it belang fan goed parafrasearjen, sitearjen en it evaluearjen fan de boarnen gear.
  • Beklamje de gefolgen fan plagiaat en ynkorrekt parafrasearjen.

Húswurk:

  • Kies ien fan de boarnen dy’tst útsocht hast foar dyn Wikipedy-artikel en fetsje it gear.
  • Parafrasearje de ynformaasje yn de opset fan dyn artikel.
  • Heakje de boarnefermelding deroan ta.

Oantekening foar de dosint: moedigje de learlingen oan om aktyf mei te dwaan yn de diskusjes en opdrachten. Understreekje it belang fan orizjinaliteit en balansearre perspektiven yn harren ûndersyk. It doel fan dizze les is om etyske ûndersyksmetoaden te yntrodusearjen en om de learlingen oan te setten harren kennis fan it kritysk evaluearjen fan boarnen te yntegrearjen mei de ynformaasje yn harren Wikipedy-artikels.