WikiWomen Erasmus+/Toolkit foar skoallen/It ûnderwerp ferkenne
Les 4: It ûnderwerp ferkenne
Lesdoelen
- De wichtichste kritearia foar in goed Wiki-artikel begripe.
- Goede ûndersyksboarnen selektearje.
- In artikel om fierder út te wurkjen kieze.
- Lesson Duration: 40 minutes —
Yntroduksje (5 minuten):
- Fetsje it belang fan it begripen fan hoe’t Wikipedy wurket gear om de folgjende stap te setten: nammentlik, it ûndersykjen en it skriuwen fan goede Wikipedy-artikels.
- Diskusjefragen:
- Wat makket in artikel op Wikipedy goed?
- Watfoar boarnesoarten kinne wy brûke?
- Bepraat wat in goed standertartikel op Wikipedy wêze soe: folsleinens, betroubere boarnen, boarnefermelding en neutraliteit.
Gearfetsjen (5 minuten):
Sjoch werom op de 5 pylders:
Bliuw neutraal
- Alle artikels op Wikipedy (en oare ensyklopedyen) moatte skreaun wurden út in neutraal stânpunt wei, sûnder foaroerdiel.
- Gjin persoanlike sjochwizen, gjin mieningen.
- Skriuw artikels dy’t dúdlik subjektyf skreaun binne opnij.
Feririearber
- Ferifikaasje betsjut dat lêzer/bewurkers fan de ensyklopedy tsjekke kinne dat de ynformaasje út in betroubere boarne komt.
- Materiaal en sitaten moatte ferwize nei in beskikbere, publisearre boarne.
- Goede boarnefermelding binne by elk artikel nedich – hoe en wat besjogge wy letter!
Ferifikaasje, gjin wierheid
- Tsjekbere feiten:
- Ynformaasje moat út betroubere boarne komme en oaren moatte dat tsjekke kinne.
- Gjin persoanlike ideeën:
- Kinst gjin persoanlike oertsjûging of ûnderfining tafoegje, hâld it by earder publisearre en bewiisd materiaal.
- Balâns en neutraliteit:
- As boarnen it net iens binne, bliuw neutraal en jou alle siden earlik en likefolle oandacht.
Ferifiearberens, gjin orizjineel ûndersyk en in neutraal stânpunt binne Wikipedy’s basisregels. Se wurkje mei-inoar om ynhâld te bepalen, dus bewurkers moatte dy kaaiprinsipes begripe.
Sjoch hjir foar mear oer betrouberens op Wikipedy:en:Wikipedia:Verifiability#Reliable_sources
Wat makket in boarne betrouber?
- It wurk sels
In artikel/boek (In boek kin in brûkbere boarne wêze foar in artikel) en sokssoarte (In rouadvertinsje kin in biografyske boarne wêze / In resinte boarne is better as in âlde).
- De makker fan it wurk
De skriuwer/sjoernalist (wat witte wy oer syn of har reputaasje?) en oare minsken (In medysk ûndersiker is mear betrouber as in sjoernalist yn it gefal fan…).
- De publikaasje
Bygelyks de krante, ferslach, magazine en publikaasjes dy’t dêrop lykje. (In krante is net in betroubere boarne foar medyske feiten).
- De útjouwer fan it wurk
Bygelyks Cambrige University Press, Elsevier of ScienceDirect. (In akademyske útjouwer is in goeie boarne om nei te referearjen). Sjoch ek: w:Wikipedia:Verifiability#What_counts_as_a_reliable_source Gean konflikten oer belang út de wei!
- Transparânsje is baas.
- Bewurkje gjin artikels oer dysels, dyn famylje of freonen, dyn bedriuw, klanten of konkurrinten.
Fraach foar diskusje: kinst konflikten oer belang betinke?
Diskusje yn ‘e klasse (10 minuten): (5 minuten)
- Fraach: wêr soesto sykje om boarnen foar dyn artikel?
- Moedigje learlingen oan en diel harren strategyen en ûnderfiningen yn it finen fan betroubere boarnen.
- In pear ideeën: de bibleteek fan de skoalle of yn it wenplak, lokale musea, kranten, online boarnen, lokale argiven
(5 minuten)
- Fraach: Watfoar ûnderwerp of persoan wolsto oer skriuwe foar dyn artikel?
- In pear ideeën: as learlingen (noch) net in spesifike frou hawwe oer wa’t se ûndersyk dwaan wolle, kinne se harren eigen ynteresses bydel gean om ien te finen.
- Foarbyld 1: immen dy’t ynteresse hat yn fuotbal kin kieze om te skriuwen oer immen út in regionaal of nasjonaal frouljusfuotbalteam
- Foarbyld 2: immen dy’t ynteresse hat yn muzyk kin kieze om te skriuwen oer in froulik regionaal artyst
Yntroduksje ta handich Wiky-ark (10 minuten)::
- Yntrodusearje Gap Finder en lis út hoe’t it helpt mei it finen fan artikels dy’t der noch net binne yn Wikipedy’s yn ferskillende talen.
- Lit sjen hoe’t kategoryen brûke kinst om missende artikels te finen, troch it foarbyld fan it ferlykjen fan Wikipedy’s yn it Nederlânsk en it Frysk foar 20e-iuwske Fryske froulike artysten.
Groepsopdracht (6 minuten):
- Ferdiel de learlingen yn lytse groepkes.
- Alle groepen wurkje mei de Gap Finder en sykopdrachten op basis fan kategory om artikels te finen dy’t mooglik ferbettere of útwreide wurde kinne.
- De groepen beprate harren befiningen en kieze ien artikel dy’t se geskikt fine om fierder mei oan de slach te gean.
- Bist ek ûnderwerpen tsjinkaam dy’t wol wichtich binne, mar noch net op Wikipedy stean?
In pear online boarnen (3 minuten) Past dit oan nei dyn kontekst
- Wikimedia: https://www.dib.ie/
- Delpher: https://www.ainm.ie/
- De Krant van Toen
- Archieven.nl: https://www.nli.ie/collections/our-collections/digital-collections
- Weromrop: http://sources.nli.ie/
- FAME: https://www.oireachtas.ie/en/visit-and-learn/centenaries/bibliography/
- Huygens Instituut Resources: https://about.jstor.org/oa-and-free/
Húswurk:
- De learlingen ûndersykje it keazen artikel oan de hân fan de boarnen.
- Meitsje gebrûk fan de boarnen dêr’t we it earder oer hân hawwe: biblioteken, online boarnen foar biografyen ensfh.
- De learlingen evaluearje de besteande ynhâld fan it artikel, en de boarnefermelding en de kwaliteit fan it gehiel.
- Set oantekenings yn dyn sânbak om de folgjende les te bepraten.
- Moedigje it brûken fan de sânbak oan om it wurkjen yn Wikipedy te oefenjen.
Opmerking foar de dosint: Moedigje learlingen oan om kritysk nei te tinken oer de kwaliteit fan de artikels dy’t se kieze. Lis dêrby de klam op it belang fan it taheakjen fan weardefolle en akkurate ynformaasje op it Wikipedy-platfoarm. It doel fan dizze les is om de learlingen oan te trunen ynformearre besluten te meitsjen oer harren keazen artikels, om dêrmei de basis te lizzen foar it ûndersyk en de skriuwaktiviteiten dy’t der oan sitte te kommen.