WikiWomen Erasmus+/Toolkit foar skoallen/In artikel skriuwe
'Live' gean en it opbouwen fan artikels fan goede kwaliteit.
It is fan belang en ûnthâld dat we op Wikipedy kwaliteit wolle yn stee fan kwantiteit! Der is gjin minimum oantal wurden, mar we wolle alles wat op Wikipedy stiet om fan sa'n heech mooglike kwaliteit te wêzen. Wa dan ek op 'e wrâld soe dyn tekst lêze kinne!
Les 8: It opbouwen fan artikels
Lesdoelen
- It belang fan kwaliteit boppe kwantiteit fan Wiky-artikels begripe.
- Leare hoe’tst mei plaatsjes en ynfoboksen artikels fuortsterkje kinst.
- Better wurde yn it oanfoljen fan ûnderwerpen: Oarsprong, Bernetiid en Edukaasje, Karriêre, Lettere libben en Dea, Neilittenskip, Wurken.
- Doer fan 'e les: 40 minuten —
Yntroduksje (10 minuten):
- Ferwolkomje de learlingen en nim 5 minuten om te sjen hoe’t de learlingen harren artikels oanfolle hawwe nei it ûndersyksútstapke. De learlingen krije yn dizze les wat tiid om fierdere bewurkingen te dwaan yn de sânbak.
- Bepraat it belang fan detaillearre dielûnderwerpen fan in biografy, wat foar in balansearre begryp fan de frou yn kwestje soarget.
- Fragen: Hoe kinne wy der wis fan wêze dat artikels lang of detaillearre genôch binne? Watfoar tûkelteammen komst op dat mêd tsjin?
- Soms komt it foar dat der net mear ferifiearbere ynformaasje beskikber is om deroan ta te heakjen.
Ynfoboksen (10 minuten):
- Bepraat de spesifike dielûnderwerpen fan in Wikipedy-artikel en hoe’t se mei inoar de biografy foarmje.
- In ynfoboks oan dyn artikel taheakje:
- Wat binne ynfoboksen?
- Wat soe wol en net yn in ynfoboks moatte?
- Hoe foechst in ynfoboks oan dyn artikel ta:
- Der is in helpside foar it meitsjen fan ynfoboksen: en:Help:Infobox. De hantlieding jout mear ynformaasje oer ynfoboksen, hoe’tst se ûntwerpen en bewurkje kinst en biedt ek inkelde sjabloanen.
- Hoe foechst in plaatsje ta oan dyn artikel?
Yndividuele en groepsopdrachten (15 minuten):
- De learlingen wurkje yndividueel of yn twatallen fierder oan it útwreidzjen fan harren artikels.
- Moedigje de learlingen oan om ôfbyldings te finen fan de frou oer wa’t se skriuwe en dy’t se oan it artikel taheakje – se kinne WikiCommons earst besjen, en as der gjin ôfbylding te finen is kinne se sels ien uploade.
- De learlingen dy’t noch net in ynfoboks yn it artikel hawwe, kinne wurkje oan it tafoegjen derfan yn it artikel.
- Gean by de learlingen del om eventueel te helpen.
Diskusje yn groepkes (5 minuten):
- Bepraat de obstakels dy’t de learlingen tsjinkamen by it útwreidzjen fan harren artikels.
- Moedigje de learlingen oan om harren strategyen om hjirmei om te gean mei inoar te dielen.
- Jou húswurk op: learlingen gean troch mei it wurkjen oan harren artikel, en soargje derfoar dat se de ferskillende dielûnderwerpen deryn hawwe mei de goeie details, boarnefermelding en mei ôfbylding en ynfoboksen as dat fan tapassing is.
Opmerking foar de dosint: moedigje de learlingen oan om kreatyf te wêzen yn it finen fan ynformaasje foar útdagende dielûnderwerpen. Beklamje it belang fan it hawwen fan betroubere ynformaasje foardat it yn it artikel komt. It doel fan dizze les is it ferbetterjen fan de artikels, sadat se dan in heech nivo binne en kompleet.