WikiWomen Erasmus+/Toolkit foar skoallen/Essinsjeel op Wikipedy
Les 2: Essinsjeel op Wikipedy
Lesdoelen
- Begripe wat Wikipedy yn de basis is.
- Wikipedy erkenne as platfoarm om kennis mei te dielen.
- De doelen fan it projekt op it mêd fan ûndersyk dwaan, kritysk tinken en skriuwfeardigens begripe.
- Doer fan 'e les: 40 minuten —
Yntroduksje (10 minuten):
- Lit de learlingen ien nijsgjirrich feitsje oer in wichtige frou út Fryslân, dy’tsto nei de lêste les opsocht hast.
- In rappe yntroduksje ta Wikipedy
- Wat is Wikipedy?
- Yntrodusearje it belang fan Wikipedy as in wrâldwiid platfoarm fan kennis.
- Bepraat de doelen fan it projekt: it dwaan fan ûndersyk, kritysk neitinken en skriuwfeardigens troch it meiskriuwen oan Wikipedy yn de minderheidstaal.
Diskusje yn ‘e klasse (10 minuten):
- Fraach 1: Wat fynst fan Wikipedy?
Moedigje de learlingen oan om de ideeën, ûnderfiningen en oerwagingen dy’t se hawwe te dielen.
- Fraach 2: Wannear is Wikipedy gaadlik om te brûken, tinkst?
Bepraat situaasjes dêr’t Wikipedy in weardefolle boarne wêze kin, en wannear’t it minder geskikt is.
- Fraach 3: Brûksto Wikipedy yn dyn taal?
Gean mei de learlingen nei dat Wikipedy yn ferskillende talen en dialekten beskikber is. Presintearjen fan de Powerpoint (10 minuten):
- Presintearje de Powerpoint mei dêryn in oersjoch fan Wikipedy, mei ûnder oare de skiednis, struktuer en de basis fan gearwurkjen yn it bewurkjen fan Wikipedy.
- Gean mei de learlingen de fiif pylders fan Wikipedy by del.
- Full WikiEssentials slide deck can be found here: >>LINK<<
- Heakje fisuele boarnen ta om it foar de learlingen te ferdúdlikjen, sa as skermopnamen fan
Diskusje yn groepen (5 minuten):
- Ferdiel de learlingen yn lytse groepkes.
- Alle groepen bediskusjearje in Wikipedy-artikel dat te krijen hat mei frouljusskiednis yn Fryslân.
- De groepkes besjogge watfoar boarnen oft brûkt binne yn it artikel en beprate de betrouberens fan it artikel en hoe kompleet oft it is.
- Bediskusjearje klassikaal en lit alle groepkes de positive en negative saken fan harren artikel beprate.
Yndividueel of groepswurk (5 minuten):
- Diel in part fan in Frysktalich Wikipedy-artikel út.
- Dat artikel soe yn it foar makke wurde kinne as in boarne foar dosinten tegearre mei in ekspert op it gebiet fan Wikipedy, dy’t yn it foar al sjoen hat nei de foar- en neidielen fan it artikel en mooglike ferbetterings.
- Freegje learlingen om betroubere boarnen dy’t yn it stik tekst neamd binne te identifisearjen en lit se de kwaliteit fan de ynformaasje beoardiele.
- Bepraat harren befinings koart klassikaal.
Konklúzje (5 minuten):
- Fetsje de wichtichste punten oer it belang fan Wikipedy en de doelen fan it WikiWomen-projekt gear.
- Understreekje it belang fan kritysk neitinken en it hawwen fan betroubere boarnen yn it meiskriuwen oan Wikipedy.
- Jou in lytse opdracht op as húswurk: alle studinten moatte in Wikipedy-artikel yn it Frysk opsykje en de betrouberens en hoe kompleet oft hy is beoardiele, op basis fan de kritearia sa’t dy bepraat binne yn de les.
Opmerking foar de dosint:
- Soargje foar in iepen en ynklusive sfear, dêr’t de learlingen harren komfortabel yn fiele om harren gedachten en ûnderfinings te dielen.
- Dit lesseplan hat it oefenjen yn kritysk neitinken en in aktyf belutsenens by Wikipedy as doel. Sa wurde de learlingen alfêst wat waarm makke foar it ûndersyk dwaan en it skriuwen yn de neikommende lessen.