WikiWomen Erasmus+/Toolkit foar skoallen/Undersyksútstapke
Les 7: Undersyksútstapke
Op dit stuit yn it lesmateriaal setst in ûndersyksútstapke op tou om in lokale biblioteek of museum te besykjen. Sa kinne de learlingen op praktyske wize ûndersyk dwaan, eat wat Google net biede kin!
Sjoch foar mear ynformaasje hjiroer yn de toolkit foar GLAMs (Galleries, Libraries, Archives and Museums).
For this lesson the GLAM trip will have been planned ahead of time so the information on access, collections etc. of the chosen GLAM site will have been outlined by the facilitator. Parts of this lesson presentation will need to be adapted to the specific institute(s) you will be visiting as part of your class trip.
Lesdoelen
- Dy klearmeitsje foar dyn eigen ûndersyk yn in lokale galerij, biblioteek, argyf of museum.
- Untwikkelje fan dyn ûndersyksfeardigens troch 3-5 betroubere boarnen te finen dy’t by dyn ûnderwerp passe.
- Doer fan 'e les: 40 minuten —
Yntroduksje (10 minuten):
- Ferwolkomje de learlingen en yntrodusearje it ûndersyksútstapke.
- Discuss what the acronym GLAM stands for.
- Bepraat wat it doel fan praktysk ûndersyk dwaan en de foardielen derfan oer online boarnen.
- Bepraat it logistike aspekt fan it tripke: de datum, tiid, ferfier en nedige materialen (skriften, pinnen, ensfh.).
- Gearfetsjende fraach: watfoar boarnen kinne we brûke foar Wikipedy-artikels?
- Besjoch opnij de soarten fan betroubere boarnen dy’t brûkt wurde kinne foar Wikipedy-artikels en ek oft se primêr, sekundêr of tertiêr binne.
Plan it ûndersyksútstapke (10 minuten):
- Oerlis: Watfoar stappen moatte we ûndernimme foardat we fuort sille?
- Lis de nedige ynformaasje út foardat jim úteinsette nei de galerij, biblioteek, it argyf of museum.
- Tips foar it omgean mei:
- It materiaal yn de galerij, biblioteek, it argyf of museum
- It dwaan fan ûndersyk
- Tips foar it meitsjen fan oantekens op it ûndersyksútstapke, rjochte op de wichtichste details.
Undersyksopdracht (15 minuten):
- (10 minuten): ferdiel de klasse yn groepkes fan 2-3.
- Watfoar kolleksjes hawwe se dêr? (Kranten, foto’s, deiboeken, ensfh.)
- Watfoar boarnen dêr soenen dy fierder helpe kinne yn dyn ûndersyk?
- Moatst noch materiaal bestelle yn it foar, sadat it foar dy klearlein wurdt?
- Watfoar foarsjennings hawwe se dêr? (Kompjûters foar digitale kolleksjes, kopiearapparaten, ensfh.)
- (5 minuten) Alle groepen nimt in pear fragen mei en bediskusjearje dy klassikaal.
Konklúzje (5 minuten):
- Fetsje it belang fan it ûndersyksútstapke gear foar it skriuwen fan de artikels.
- Ferwiis nei it lesmateriaal foar de learlingen foar it meitsjen fan oantekeningen, fragen foar harren ûndersyksútstapke, ensfh.
- Jou se de mooglikheid fragen te stellen oer it útstapke.
Húswurk:
- De learlingen sykje online foar harren mooglik relevante boarnen op..
- Beklamje it belang fan it finen fan 3-5 betroubere boarnen, ynklusyf boeken, kranten, artikelen út wittenskiplike tydskriften, en oare publikaasjes dy’t mooglik te finen binne by it ûndersyksútstapke.
Lesson 7.5: It ûndersyksútstapke
Gean nei in lokale galerij, biblioteek of in lokaal argyf of museum sadat de learlingen dêr direkt mei de boarnen dwaande kinne om harren ûndersyk te dwaan. Sjoch foar mear ynformaasje hjiroer yn de toolkit foar GLAMs (Galleries, Libraries, Archives and Museums). Húswurk:
- Nei it ûndersyksútstapke kinne de learlingen it template fan it ferslach ynfolje yn harren wurkboek, dêr’t se yn evaluearje hoe’t it gie, oft se it handich fûnen foar harren artikel, ensfh.
- De learlingen folje de artikels yn harren sânbakken oan mei de ynformaasje dy’t se sammele hawwe by it ûndersyksútstapke. Dat kin sa simpel wêze as it taheakjen fan de boarnefermelding of troch mear ynformaasje ta te heakje. Dit soe kompleet wêze moatte foar de folgjende les.