WikiWomen Erasmus+/Toolkit foar skoallen/Undersyksfeardigens

This page is a translated version of the page WikiWomen Erasmus+/Schools toolkit/Research skills and the translation is 97% complete.

Les 5: Undersyksfeardigens

Yntroduksje (10 minuten):

  • Ferwolkomje de learlingen en yntrodusearje it ûnderwerp fan dizze les.
  • Diskusjefraach 1: wêrom is it krúsjaal om betroubere boarnen te hawwen as we oer histoaryske/wichtige minsken of foarfallen hawwe?
  • Bepraat it belang fan betroubere boarnen yn ûndersyk en de ympakt dêrfan op de kwaliteit fan de ynformaasje.

Diskusjepunten dy’t foarbykomme kinne:

  • Krektens en betrouberens:
    • Betroubere boarnen soargje derfoar dat de ynformaasje krekt is en betrouber.
    • As boarnen net betrouber binne, kinne histoaryske narrativen net korrekt wêze, of befoaroardiele.
  • It behâlden fan histoaryske yntegriteit
    • Betroubere boarnen helpe by it behâlden fan de yntegriteit fan histoaryske boarnen.
    • It helpt derfoar soargjen dat de feiten net stadichoan hieltyd oars ferteld wurde oer de tiid hinne.
  • It bouwen oan fertrouwen yn ynformaasje:
    • Lêzers en ûndersikers fertrouwe ynformaasje dy’t ûnderskreaun is troch betroubere boarnen.
    • It soarget foar in bettere betrouberens fan histoaryske boarnen en de betrouberens fan de narratyf.
  • Fermij misynformaasje:
    • It brûken fan ûnbetroubere boarnen kin soargje foar it fersprieden fan misynformaasje.
    • Betroubere boarnen wurkje beskermjend tsjin it opkommen fan flaters yn de fertelling fan de skiednis.
  • Peer review en falidaasje:
    • In soad betroubere boarnen gean troch in proses fan peer review.
    • Materiaal dat peer-reviewed is soarget foar in ekstra laach fan falidaasje fan histoaryske ynformaasje.
  • Soargje foar balansearre perspektiven:
    • Betroubere boarnen wurkje mei oan in folsleiner en mear balansearre begryp fan histoaryske foarfallen.
    • Ferskate renommearre boarnen soargje foar in moai, algemien byld, wat eventuele foaroardielen ferminderet.
  • Akademyske standerts:
    • Akademyske ynstituten hâlde it brûken fan betroubere boarnen yn stân.
    • Moedigje it hâlden oan bepaalde standerts oan, wat foar in hegere kwaliteit fan ûndersyk soarget.

Diskusje yn ‘e les (10 minuten):

  • Fraach 2: Watfoar gatten hasto sjoen yn de artikels dy’tst oant no ta besjoen hast?

Hoe kinne dy gatten folle wurde mei korrekte ynformaasje?

  • Powerpoint: Bepraat de ferskillen tusken primêre, sekundêre en tertiêre boarnen. Jou foarbylden fan alle soarten.
  • Fraach 3: Kinst foarbylden betinke fan primêre boarnen dy’t te krijen hawwe mei bekende froulju út de skiednis? Op watfoar manier biede dy boarnen weardefolle ynsichten?

Yntroduksje ta ûndersykstechniken (10 minuten):

  • Yntrodusearje effektive ûndersykstechnien, ynklusyf online databases, biblioteken en akademyske tydskriften.
  • Dy kinne oanpast wurde op basis fan de boarnen dy’t beskikber binne foar de klasse
  • Foarbylden yn de Powerpoints kinne oanpast wurde om by de regio te passen
  • Jou tips yn it dwaan fan mear yngewikkelder sykopdrachten en it gebrûk meitsjen fan key words om relevante ynformaasje te finen.
  • Demonstrearje al dy databases tagelyk mei de foarbylden foar de learlingen dy’t de brûke kinne foar harren eigen ûndersyk.
  • Understreekje it belang fan it evaluearjen fan de betrouberens fan online boarnen en it brûken fan boarnen en databases dêr’t wy fan witte dat se betrouber en goed byhâlden binne.

Groepsopdracht (15 minuten):

  • Soargje foar foarbyldboarnen dy’t te krijen hawwe mei in bekende Fryske frou.
  • Yn groepkes: de learlingen brûke de list fan boarnen om in bekende Fryske frou te ûndersykjen (dy kin selektearre wêze by de dosint, of fan de list mei gatten op Wikipedy by de Gap Finder opdracht)
  • Ynstruearje de learlingen om online databases, biblioteken, of akademyske tydskriften om ûndersyk te dwaan nei de bekende Fryske frou, ûnder begelieding.
  • As dy frou al in Wikipedy-side hat, moedigje de learlingen dan oan om de ynformaasje op dy side te ferlykjen mei de ynformaasje dy’t se no fine.
  • Binne de boarnen dy’t se brûke al te finen op de Wikipedy-side?
    • Moedigje se oan om har te rjochtsjen op it finen fan primêre boarnen of wittenskiplike artikels yn relaasje ta de keazen frou.

Jou de learlingen 10 minuten om hjirmei dwaande te gean.

  • Help de learlingen tuskentroch mei harren sykopdrachten en help se om strategyen op te dwaan fan hoe te sykjen.
  • Bring de groep dan wer by inoar foar in diskusje fan 5 minuten oer de ynformaasje dy’t se fûn hawwe.
  • Alle groepen presintearje har analyze oan de klasse, wêrby’t se de sterke en swakke punten fan de boarne beneame.

Konklúzje (5 minuten):

  • Fetsje it belang fan betroubere boarnen en de ferskillen tusken primêre, sekundêre en tertiêre boarnen gear.
  • Understreekje de wearde fan krityske analyze by it evaluearjen fan boarnen foar ûndersyk.

Húswurk:

  • Alle studinten selektearje en lizze de frou fêst oer wa’t se ûndersyk dwaan sille en harren artikel oer skriuwe sille foar de folgjende les.
  • Se kinne begjinne mei it opstellen fan in list mei boarnen, op basis fan de lis fan boarnen en databases dy’t beskikber binne.
  • Moedigje se oan om gebrûk te meitsjen fan harren sânbak en om de ynformaasje dêr op te slaan wannear’t se oan it projekt wurkje, sadat se bekend wurde mei Wikipedy.

Opmerking foar de dosint: Moedigje aktive partisipaasje oan yn de diskusje yn ‘e les en groepsaktiviteiten, soargje foar in omjouwing dêr’t de learlingen harren ynsichten mei inoar diele kinne en fan inoar leare kinne. It doel fan dizze les is om de learlingen de feardigens te jaan om betroubere boarnen effektyf te identifisearjen en te brûken, wat foar krektens en djipte yn harren artikels soarget.