Licensing update/Vote-header/fy

- Translators: When updating the vote header, please also update its status at Licensing update/Header tracking so the updated content will be properly copied to the vote server.
Lisinsjewiziging |
It bestjoer fan de Wikimedia Foundation noeget de Wikimedia-mienskip út om te stimmen oer in útstel foar in lisinsjewiziging op alle Wikimedia-projekten. It útstel komt derop del, dat materiaal op de Wikimedia-projekten njonken ûnder de no jildende GFDL ek beskikber komme sil ûnder de CC-BY-SA-lisinsje. It bestjoer hat ferskate mooglikheden yn him omgean litten en tinkt dat dit útstel it bêste is om ús mienskiplike doel te berikken: it sammeljen, ûntwikkeljen en fersprieden fan edukatyf materiaal en dat beskikber te stellen foar minsken oer de hiele wrâld, fergees, oant yn de ivichheid. Konkreet hâldt dit útstel yn, dat de lisinsje en de gebrûksbetingsten op alle projekten sa oanpast wurde:
Neffens de hjoeddeiske regleminten en wisânsjes en de betingsten fan de CC-BY-SA-lisinsje sil it foar werbrûkers ferplicht wurde om auteurs en bewurkers fan it boarnemateriaal te fernijen. Dit sit teminsten barde moatte mei in hyperlink of in URL nei it orizjinele materiaal. Mear detaillearre ynformaasje oer dit útstel is hjir yn it Ingelsk te finen. In oersetting yn it Nederlânsk stiet hjir. Der is ek in oersjoch fan faak stelde fragen en antwurden, hjir yn it Ingelsk en hjir yn it Nederlânsk. Úteinlik sil it bestjoer fan de Wikimedia Foundation oer it útstel beslisse op basis fan in evaluaasje fan de stimresultaten. Teminsten de helte fan de stimmers sil dit útstel stypje moatte wol it ymplemintearre wurde. At minder as de helte fan de stimmers it útstel stipet, sil it bestjoer oare mooglikheden ûndersykje. |