WikiWomen Eramus+ toolkit foar learlingen

This page is a translated version of the page WikiWomen Erasmus+/Pupil toolkit and the translation is 100% complete.

Toolkit foar learlingen

Wolkom by de WikiWomen-toolkit mei materiaal foar learlingen. Dizze toolkit befettet in samling fan boarnen en materialen dy't troch de dosint ynset wurde kinne of dy't as ynspiraasje tsjinje kinne om oar materiaal te finen of te meitsjen, dat past by de ynhâld fan it projekt. Lykas Wikimedia Commons is dizze samling 'open-source' en fergees om te brûken en oan te foljen mei oar relevant en brûkber materiaal.

De toolkit bestiet út alve stappen, dêr't twa opsjonele tusken sitte ('peer review' en presintaasje). Eltse stap kin op in aparte side fûn wurde, dêr't in útlis fan it doel fan de stap yn jûn wurdt. Eltse stap befettet foarbylden fan boarnen dy't brûkt wurde kinne en opdrachten dy't by de ynhâld fan dy stap passe. Eltse stap is beskikber makke yn it Ingelsk: de Ingelske ferzje fungearret as in foarbyld. De materialen yn de Ingelske ferzje kinne oerset wurde yn de oare talen. Neist de Ingelsktalige ferzje binne ferzjes yn trije minderheidstalen beskikber, nammentlik yn it Baskysk, Frysk en Iersk, mei boarnen yn de talen dy't by dy minderheidstalesituaasjes passe.

Ynhâld